Selecteer een pagina

Ik bin opgroeid op it Fryske plattelân yn it noarden van ‘e provinsje. De taal dy’t wy thús sprutsen wie Frysk en dat dogge wy noch. Ik bin dan ek heul grutsk op myn heitelân. Op ‘e moaie griene omjouwing, de prachtige marren en de oprjochte minsken.

Hoewol ik grutbrocht bin mei it Frysk, wurd er yn myn omjouwing in soad Nederlânsk praat. Nim bygelyks op ‘e skoalle fan ‘e bern en op myn wurk. It liked soms dat it Nederlânsk foar us makliker is dan it Frysk. En ik moat bekenne dat it skriuwen fan dizze blog mear tiid nimt dan it skriuwen fan myn eardere blogs.  Mar oan ‘e oare kant fielt it ek hiel leuk om yn myn memmetaal te kommunisearje. Want no kin ik myn verhaal kret wat oas oerbringe.

En dat is hielendal it geval at it oer in ûnderwerp giet dat ticht by dyn hert leit. Dan kin it hiel noflik weze om dyn verhaal te vertellen yn ‘e taal werst die ‘t makklykst yn uitdrukke kist. Nim bygelyks yn in konfliktsituaasje, krekt dan is it belangryk watsto seist en dat dyn verhaal sa oerkomt by de oar atsto it bedoelt hast. Wit dasto by my oan tafel Frysk prate kist en dat ik jim graag helpe wol om it konflikt út te praten sadat jim wer trochgean kinne. Lykas it gedicht jir under seit, is it sa’n skande om jim tyd te fergriemen en hielendal oan sa iets as in konflikt.

Foar alles is een oere,
foar alles is in tiid
Alles giet nei’t selfde plak,
mei as sunder striid
Der is in tiid fan laitsje,
dy tiid is samar om
In tiid om te fergriemen
Dy krijst nea werom

specialist in mediation bij zakelijke conflicten

Christie Dijkstra
Mediator

telefoonnummer: 06 27 43 42 10
email: christie@menoar-mediation.nl

IBAN: NL77RABO0332157709
KVK: 71841865
BTW: NL001460308B25

© copyright Menoar Mediation 2018 - heden | Alle rechten voorbehouden